overgenomen van http://www.sybrenposthumus.com/

De lêste dagen krij ik hieltyd mear reaksjes op myn kandidatuer foar de SLP. Bygeande mail wol ik jim net ûnthâlde: 

‘Beste Sybren, Ik haw lezen dastou de ynige Fries bist op in Flaamske list foar it Europeesk Parlemint: mooi net dus!

Ik bin in Fries om útens: al 22 jier in Brussel.

Sunt 2000 yn’ gemeenterie van Etterbeek foar Groen! (mei Ecolo) en nou foar’e twaade kear op’e list foar it EP: 6e plak op list 6.

Myn neef René Cuperus (Reimer, krek sa as ik), stjit op’e list foar de Hollanske PVDA.

Fryslân boppe?

Groetnis,

Rik (Reimer) Jellema’

Hy hat ek in webside: http://www.groenerik.be. It liket my wol sa sportyf dizze mail te pleatsen. Opmerking is fansels al dat de SLP allegear kandidaten út oare lidsteaten op de list hat en dêrmei in statement meitsje wol. Ferskil mei Rik (Reimer) is dan ek dat ik út in oar lân (Fryslân) op in Flaamske list stean. Lykwols, Reimer súkses. Seach dat Groen! diel útmakket fan de Greens dêr’t de EFA ien groep mei foarmet.

19 MAAIE ’09 – 20:14 | SYBREN POSTHUMUS |